Feiliger spoaroergong H'fean

05 jul 2013 - 16:28

De spoaroergong by de Rotstergaastwei op It Hearrenfean wurdt oanpakt. De oergong moat feiliger wurde, omdat yn de takomst mear treinen op it trajekt ride sille. Der komt in soad frachtferkear del en fytsers moatte twa kear de dyk oerstekke. Yn de nije situaasje krijt it frachtferkear mear romte om de bocht te nimmen en de fytsers kinne oan ien kant bliuwe.

Foar de oanpak fan de oergong is oardel miljoen euro beskikber. Dit jild komt út de pot kompensaasjejild foar it net trochgean fan de Suderseetrein. It wurk begjint yn 2015.

Njonken dizze spoarweioergong sille ek oaren op It Hearrenfean yn de takomst oanpast wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)