Ankers foar't lêst kommentator

De bekende advokaten Hans en Willem Anker jouwe sneon foar it lêst it kommentaar by it jierlikse iepen Frysk kampioenskip mêstklimmen yn Akkrum. Ek it kommentaar by it kampioenskip Slingeraap dogge se fan 't jier foar it lêst. Dat sil yn augustus wer hâlden wurde.
De bruorren Anker bliuwe wol belutsen by tal fan oare aktiviteiten yn it doarp. Hans Anker is al sûnt 1976 foarsitter fan de stichting Akkrum/Nes Centraal. It Frysk kampioenskip mêstklimmen is sneon om sân oere op de Tsjerkebleek.