Hotel ferkocht,De Wieren bliid

Foar wenningstifting De Wieren yn Snits is de ferkeap fan Hotel Ozinga in grutte opluchting. It âlde hotel oan de râne fan it sintrum fan de stêd stie al jierren leech en De Wieren siet der mei yn de mage. Tongersdei waard bekend dat de Snitser ûndernimmer Hartman Feenstra en syn dochters it gebou oernimme. Yn 2007 hie De Wieren hotel Ozinga kocht en foar miljoenen opknapt. Mar allinnich oan de bûtenkant.
Dat it sa lang duorre hat, hat de wenningstifting jild koste. It hotel moat binnendoar noch opknapt en ynrjochte wurde.
Dêr sille Hartman Feenstra en syn trije dochters no mei oan de gong. Hoe grut it ferlies krekt is, is noch net bekend, mar neffens de direkteur giet it om in bedrach dat wol ferantwurde is.