Ljouwerter dielt klappen út
De plysje hat yn Eelde in 42-jierrige Ljouwerter oanhâlden foar mishanneling. De man hie spul krigen mei de 22-jierrige ynwenner fan Hoogezand, sjauffeur fan in bestelbuske. Dy hie syn wein op 'e dyk parkeard om pakketten út te laden. De Ljouwerter hie dêr argewaasje fan en der ûntstie slaanderij.
De man út Hoogezand luts in mes by it skeel. Ek hy is oanhâlden, op fertinking fan bedriging.