Tunnel ûnder spoar Frjentsjer

05 jul 2013 - 10:34

Frjentsjer krijt in fytstunnel ûnder it spoar. Dat hat de ried tongersdei besletten. De kosten wurde rûsd op 4,7 miljoen euro. De tunnel wurdt betelle troch Ryk, provinsje, gemeente en de ûndernimmers dy't wenwyk Súd bouwe.

De fytstunnel ferbynt de nije wenwyk Súd mei it sintrum en komt neist supermerk Poiesz te lizzen. De wykbewenners binne sa folle rapper yn it sintrum. De gemeente hopet dat de tunnel helpe sil de wenwyk fol te krijen, want de ferkeap fan kavels rint net sa hurd. De tunnel moat der yn 2014 lizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)