Fúzje Tellens en Plantein

Soarchgroep Tellens en soarchgroep Plantein wolle per 1 juny 2014 in bestjoerlike fúzje oangean. Se hawwe dêroer tongersdei in yntinsjeferklearring ûndertekene. De fúzje is needsaaklik om de soarch foar âlderein op it plattelân betelber en berikber te hâlden. Troch de feroarings yn de finansiering fan de soarch driget dat neffens Tellens en Plantein yn gefaar te kommen.
Mei de fúzje ûntstiet in organisaasje mei mar leafst 2400 klanten en hast 3000 meiwurkers. Tellens en Plantein hawwe mei elkoar 25 lokaasjes.