Nije ierappel moat trochbrekke

De Frysk-Grinslanner ierappelferiening hopet meikoarten mei in nij ras te kommen dat trochbrekt op de merk. Tongersdei hawwe se de earste rispinge dien yn Easterbierrum. Doel is in ierappel te kweken dy't rap groeit en geskikt is foar bygelyks patat. Foar de measten is it in hobby, mar de dream is in nij ras út te finen dêr't patatmakkers in soad sinten foar oer ha.
Mar oft dat dit jier al slagget is mar de fraach. Troch it kâlde waar fan de ôfrûne tiid rint de ierappelgroei achter.