Soargen omwenners oer JSF

04 jul 2013 - 18:46

Omwenners fan de fleanbases yn Volkel en Ljouwert wolle fan it kabinet de tasizzing hawwe dat de hjoeddeiske lûdsônes om de bases hinne bestean bliuwe. Se binne benaud dat dy sônes bot oprekt wurde as keazen wurdt foar de JSF as ferfanger fan de F16.

Neffens de omwenners moat it kabinet der rekken mei hâlde dat der mei de JSF minder faak flein wurde kin en ek dat de huzen better isolearre wurde moatte. Der soe ek in permanent lûdsmjitsysteem komme moatte. Omwenners fan Volkel en Ljouwert praten tongersdei mei-elkoar yn it Brabânske Uden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)