Koart pleit topsportlokaasje

04 jul 2013 - 16:59

De rjochtbank docht op 19 july útspraak yn it koart pleit oer de takomstige topsportlokaasje foar it reedriden. Ien fan de gadingmakkers, it Icedôme yn Almere, hie de saak tsjin reedrydbûn KNSB oanspand om't se it net iens wie mei hoe't de tawizingsproseduere no rint. Neffens it Icedôme hie de KNSB der foar kieze moatten om de status oan Almere ta te wizen om't in kommisje fan it bûn dat advisearre. De oare gadingmakkers, Thialf op it Hearrenfean en in nij iisstadion yn Zoetermeer, wiene it der net mei iens en kamen yn aksje.

De KNSB hat mei dêrtroch besletten it beslút út te stellen, mar it Icedôme besiket dat no fia de rjochter oars te krijen. Thialf is ek offisjeel partij yn dizze saak, om sa foar te kommen dat se juridysk net langer mei prate kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)