Fertochten De Terp frijlitten

04 jul 2013 - 16:49

De twa bewenners fan De Terp dy't ferline wike oanhâlden binne op fertinking fan belutsenheid by de dea fan de 58-jierige Anne de Boer, binne wer op frije fuotten. De plysje hat beide mannen tongersdeitemiddei frijlitten. Sa waarden in wike earder oahâlden om't de plysje oanwizings hie dat se belutsen wiene by de dea fan De Boer.

It slachtoffer, sels ek bewenner fan De Terp, sakke ferline wike moandeitejûn samar ynelkoar. Earst waard fan in natuerlike dea útgien, mar út seksje die bliken dat it om in misdriuw giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)