Kadoferpakking út poetsdoekjes

04 jul 2013 - 16:26
  • De kadoferpakkings, makke fan skjinmakdoekjes.
  • De tekstylkontener foar it gebou fan Talant

Meiwurkers fan Talant yn Drachten hawwe In bysûndere wize fan wergebrûk betocht. Se meitsje nij ferpakkingsmateriaal, pannelappen en presintsjes fan âlde skjinmakdoekjes. It idee komt fan in meiwurker fan Talant yn Drachten. Pûden fol mei brûkte mikrofezel-doekjes giene by de festiging fan Talant oan de Ringwei yn Drachten de doar út. Dat brocht se op it idee om der wat mei te dwaan.

Acht kliïnten fan Talant breidzje der no allerhanne ferpakkingsmateriaal fan, dat tongersdei presintearre waard.

It ferpakkingsmateriaal sil yn gearwurking mei de Friese Milieu Federatie ferkocht wurde. Der waarden tongersdei fuortendaliks sa'n 100 produkten besteld en de ferwachting is dat dat der noch folle mear wurde sille. De Fryske Miljeufederaasje is ek bliid mei it inisjatyf. De federaasje wol Friezen der op oantrune om mear tekstyl yn de tekstylkontener te smiten. It werbrûken fan de mikrofezeldoekjes troch Talant is in moai foarbyld fan wat je allegearre wol net mei âld tekstyl dwaan kinne. Op dit stuit ferdwynt noch twa-tredde fan it fuortsmiten tekstyl yn de grize kontener. De kampanje 'Fair fiber' moat Friezen der ta oansette om dat yn 'e takomst net mear te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)