Soad animo Alvestêdekrúske

04 jul 2013 - 15:44

Der binne al 2720 oanfragen foar de offisjele ynsynje dy't alvestêderiders by harren krúske krije kinne. Dat is mear as de Ferieniging de 'Friesche Elfsteden' ferwachte hie. De feriening ferwachtet op ûngefear 3.000 oanfragen út te kommen op 1 septimber. Oant dy datum kinne minsken de ynsynje oanfreegje.

It is noch hieltyd net bekend oft it krúske ek as militêre ûnderskieding jilde sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)