Flevolân siket help yn Fryslân

04 jul 2013 - 14:06
  • Website provinsje Flevolân

Flevolân ropt de help fan Friezen yn om by minister Plasterk fan Binnenlânske Saken te protestearjen tsjin de komst fan superprovinsjes. De polderprovinsje komt mei in webside dêr't minsken yn it Frysk har miening op jaan kinne oer dy foarnommen fúzjes.

Plasterk wol Flevolân gearfoegje mei Noard-Hollân en Utrecht. De eigen ynwenners kinne in saneamde 'zienswijze' ynfulle mei dêrop har miening oer de fúzje. Flevolân tinkt op in soad stipe rekkenje te kinnen fan Friezen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)