Waterstad Taptoe yn mineur

04 jul 2013 - 13:05

De organisaasje fan de Waterstad Taptoe Snits is djip teloarsteld dat it evenemint net trochgiet. Dat seit inisjatyfnimmer Catherina Truijers. Woansdei hat de organisaasje de stekker der útlutsen omdat se de finânsjes net rûn krije. De bedoeling wie dat der yn septimber in grutte taptoe wêze soe op it wetter foar de Wetterpoarte yn Snits, fanwege it 400-jierrich bestean fan it monumint. De gemeente Súdwest-Fryslân woe in subsydzje fan 10.000 euro jaan foar dit evenemint, mar de organisaasje seit wol 60.000 euro nedich te hawwen.

Neffens wethâlder Wigle Sinnema wie fan begjin ôf dúdlik dat der net mear jild beskikber wie.

Trefwurden: 
Snits Waterstad Taptoe
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)