Alderlêste skoaldei Twizel

04 jul 2013 - 12:15

Foar iepenbiere basisskoalle de Lytse Wiman yn Twizel wie it tongersdei de allerlêste skoaldei. Foar takom jier binne der te min learlingen en dus slùt de skoalle definityf. Gearwurking mei de kristlike skoalle De Oanrin slagge net, dêr wie gjin draachflak foar. De measte learlingen sille no nei de skoalle yn Bûtenpost. Bern, âlden en learkrachten fine it ôfgryslik spitich dat it sa moat.

Yn hiel Fryslân bin der yn alle gefallen noch fiif skoallen dy't ticht moatte omdat der minder as 23 bern op sitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)