Frou falt fan balkon
In frou fan 20 jier is tongersdeitemoarn ferwûne rekke doe't se fan it balkon foel. Dat barde op in flat yn de Willem Pijperstraat yn Ljouwert. Personiel fan twa ambulânses en in traumateam ferlienden earste help.
De plysje wit noch net krekt wat de oarsaak fan de falpartij is, mar it is wol dúdlik dat it net om in misdriuw giet. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht.