Grûn sakket hurd by Frjentsjer

04 jul 2013 - 11:17

De grûndelgong tusken Hjerbeam en Frjentsjer giet flugger as tocht. Der wurdt al sûnt 2008 gjin gas mear út de grûn helle, mar dochs is de grûn noch goed sân sintimeter nei ûnderen gien. En dat is twa sintimeter mear as út eardere berekkenings bliken die. De stjoergroep dy't him dwaande hâldt mei de grûndelgong is der fan skrokken.

Earder dit jier hawwe alle belutsen partijen ôfpraten dat Vermillion en Frisia Sâlt goed 17 miljoen euro beskikber stelle foar de skea troch de gas- en sâltwinning yn Noardwest Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)