Al 85 Nuon-miljoenen útjûn

Fan de goed 300 miljoen euro dy't de provinsje stekke wol yn de Fryske ekonomy is al goed 85 miljoen útjûn. Dat die woansdei bliken by de gearkomste fan Provinsjale Steaten. It giet om jild dat frij kaam is troch de ferkeap fan Nuon-oandielen. De 85 miljoen euro dy't no al reservearre is, giet nei projekten dy't al hiel rap wer jild opsmite moatte. Saneamde Quick-win-projekten. Sa wurdt der ûnder oaren jild stutsen yn ynnovative bedriuwen en yn it MKB.
Yn novimber moat dúdlik wurde wêr't de oare 215 miljoen hinne giet.