Nije mediateek yn Lyceum

03 jul 2013 - 16:46

It Drachtster Lyceum yn Drachten hat in nije mediateek. Mei 145 nije wurkplakken ha de learlingen in plak dêr't se serieus studearje kinne. Earder moasten se yn in tuskenoere yn 'e kantine sitte, om't der te min wurkplakken wiene. Neist wurkplakken binne der ek boeken en de bern meie in laptop liene. Ek is de seal yn te rjochtsjen as teater, trochdat der in grutte kûle yn sit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)