Wike lang wurk oan it spoar

De treinen moatte stadich oer de spoarbrêge © Omrop Fryslân
Goed 23 kilometer spoar tusken Meppel en It Hearrenfean wurdt de kommende wike ferfongen. Prorail pakt dit stik spoar oan om't it te âld wurdt. Fan sneon 6 oant snein 14 july kinne der derom gjin treinen del en set de NS bussen yn. Dat soarget foar in fertraging fan in healoere. Letter dizze moanne wurdt ek wurke oan it spoar tusken Wolvegea en Ljouwert. Dat smyt nei alle gedachten oerlêst op yn it wykein fan 27 en 28 july.