Fytspaad by De Harkema iepene

Fytspaad
It fytspaad by de Feartswâl op De Harkema is woansdei offisjeel yn gebrûk naam. It eardere skulpepaad is breder makke en ferfongen troch beton. Ek is in fytsbrêge pleatst oer de Feansterfeart. Hjirtroch slút it fytspaad oan op fytspaad It Langpaed. Dit wie noch in ûntbrekkende skeakel yn it fytspadenetwurk fan Achtkarspelen. In soad toeristen en skoabern meitsje hjir gebrûk fan. De ferljochting by it nije paad wurket op sinne-enerzjy.