Massale lipdub op 'e Gordyk

17 jan 2012 - 15:52

Sawat tûzen learlingen en meiwurkers fan 'e Boargemaster Harmsmaskoalle op 'e Gordyk ha tiisdei in saneamde lipdub dien.

Op de muzyk fan Jessie J moasten de dielnimmers yn ien take it nûmmer Price Tag playbacke. Ien take betsjut dat de kamera net ien kear út mei, want dan is de lipdub mislearre en moat it hiele ferske wer fan foaren ôf oan opnommen wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)