Soad plannen foar Nuon-jild

Provinsjale Steaten hawwe it Nuon-jild dat bedoeld is om de ekonomy yn Fryslân te stypjen en sterker te meitsjen woansdei al trije kear útjûn. Fan it jild dat de provinsje krige út de ferkeap fan oandielen NUON makken de steaten earder 300 miljoen euro frij foar de ekonomy. De polityk bepraat woansdei oer wat te dwaan mei dat jild en der binne plannen by de rûs lykas foar de bou, wenningmerk, ynfrastruktuer en duorsume enerzjy. De projekten moatte oan easken foldwaan. It moat op termyn jild opsmite en wurkgelegenheid.