Zeinstra werom út Brazilië

Erwin Zeinstra út Dronryp sjocht mei in goed gefoel werom op de finale fan de Confederations Cup. De finale waard hâlden yn it ferneamde Maracana stadion fan Rio de Janeiro dat folsiet mei 75.000 fans. Zeinstra wie de assistint-skiedsrjochter yn de finale fan it belangrike mondiale fuotbaltoernoai. Brazilië fersloech Spanje mei 3-0. Zeinstra is woansdei wer begûn mei syn wurk as boekhâlder by Nivo Noord yn Ljouwert. Zeinstra hopet no dat hy ek nei it WK fuotbal yn Brazilië fan folgjend jier kin.