Lilke Ljouwerter boeid ôffierd

03 jul 2013 - 12:00

In Ljouwerter (41) is tiisdeitenacht boeid en oppakt yn de haadstêd. Hy bemuoide him op lûde en misledigjende wize mei de plysje doe't dy op it Ruterskertier in wyldmiger bekeurde. De freon fan de bekeurde wie it dêr net mei iens en hy skold foarbygongers út. De plysje koe de man net rêstich krije. Mei boeien om is er oanhâlden. Hy hat in proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)