Mooglik oerlis by Van Wijnen

03 jul 2013 - 11:32
  • Aksje by boubedriuw Van Wijnen

De direksje fan boubedriuw Van Wijnen hat de fakbûnen woansdei mei nei binnen naam om te praten. Tongersdei lit de direksje witte oft se oan de ûnderhannelingstafel komme of net. Sa'n 30 wurknimmers ha woansdei in healoerke it wurk dellein en fierden aksje by it haadkantoar fan Van Wijnen op 'e Gordyk. Direksje en fakbûnen kinne it net iens wurde oer in sosjaal plan. Neffens it fakbûn woe de direksje net mear prate. Neffens de direksje en ûndernimmingsried fan Van Wijnen leit der wol in sosjaal plan.

By Van Wijnen ferdwine lanlik sa'n 70 banen, de fakbûnen fine dat de direksje dizze wurkjouwers te min biedt. Op De Gordyk krije 16 personielsleden dien. In grut part fan it personiel fan boubedriuw Van Wijnen stiet net achter de stakingen by it bedriuw. Dat seit de ûndernimmingsried fan it bedriuw. Mooglik folgje mear aksjes. Neffens de direksje stiet it grutste part fan it personiel net achter de aksjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)