Jild foar enerzjysunige huzen

Foar it enerzjysunich meitsjen fan wenten komt in nije provinsjale subsydzjeregeling. Yn it fûns komt 12 miljoen euro. In mearderheid fan de steaten stimde woansdei yn mei in útstel fan de VVD. It jild komt út de NUON-pot. Doel is dat tsientûzen huzen enerzjysuniger makke wurde. Dat moat 600 nije banen opsmite. Fan 1 septimber ôf kinne oanfragen dien wurde by de provinsje.