Miljoenen foar Waadgebiet

03 jul 2013 - 10:34
  • Lauwersmargebiet

It Waadfûns jout goed 25 miljoen euro subsydzje oan ferskate projekten yn it Waadgebiet. It giet om 16 projekten. It grutste projekt dêr't jild hinne giet is Súd Ie. Dit is in wetterferbining tusken Dokkum en de Lauwersmar. Dêr wurdt ynvestearre yn de ekologyske kwaliteit fan it gebiet. It oarspronklike waadkarakter wurdt werombrocht yn it lânskip. It Waadfûns stekt hjir 9,6 miljoen euro yn. Frjentsjerteradiel krijt goed 2 miljoen euro foar de Kanaalzône. Doel is om mear toeristen te lûken en de lokale ekonomy te fersterkjen.

De totale ynvestearring fan alle projekten yn it Waadgebiet is 78,5 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)