Konst:weryndieling net oplizze

03 jul 2013 - 10:26
  • Provinsjehûs Ljouwert

De provinsje sil gemeenten gjin weryndieling oplizze. It foarnaamste beslút leit by de gemeenteried. Dat seit deputearre Hans Konst yn antwurd op fragen fan de steatefraksje fan de SP. De partij wol helder ha wat de provinsje dwaan sil no't Harns net fusearje wol mei It Bilt, Menameradiel en Frjentsjerteradiel. Ferwerderadiel wol allinnich amtlik gearwurkje mei omlizzende gemeenten. Neffens Konst moatte de gemeenten no ûnderling goed besjen hoe't fierder gearwurke wurde kin. It belang fan de boarger moat dan altyd foarop stean.

Yn de kommende moannen sil de provinsje mei alle gemeenten prate. Yn oktober komt de provinsje mei in nij stik oer de takomst fan de gemeentlike weryndieling yn Fryslân. Boargemaster Fred Veenstra fan Frjentsjerteradiel fynt dat de provinsje in gruttere rol spylje moat yn it fusearringsproses fan de gemeenten yn Noardwest-Fryslân. Hy ferwachtet dat deputearre Schokker gebrûk makket fan de mooglikheden dy't minister Plasterk de provinsjes jûn hat en der by Harns op oantrune sil him by de oaren oan te sluten.

Deputearre Schokker fynt dat wol of net fusearje of gearwurkje in saak fan de gemeenten sels is. Se makket dus net gebrûk fan de mooglikheden dy't se fan it ryk krigen hat om gemeenten as Harns mear te stjoeren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)