Aksje by boubedriuw Van Wijnen

Personiel fan boubedriuw Van Wijnen hat woansdeitemoarn it wurk dellein. Wurknimmers diene dat omdat direksje en fakbûnen it net iens wurde kinne oer in sosjaal plan. By Van Wijnen ferdwine lanlik sa'n 70 banen, de fakbûnen fine dat de direksje dizze wurkjouwers te min biedt. Op boulokaasje yn Drachten, Beetstersweach, Snits en Ljouwert waard troch guon wurknimmers it wurk dellein. Dy meiwurkers binne nei it kantoar Van Wijnen op 'e Gordyk gien om dêr te demonstrearjen.