Undersyk bedriuw silo-ûngelok

02 jul 2013 - 17:33
  •  Trije deaden yn dongsilo, Makkingea

It Iepenbier Ministearje is in strafrjochtlik ûndersyk begûn nei it bedriuw dat belutsen wie by it ûngelok mei in dongsilo yn Makkingea. Ein juny kamen dêrby trije minsken om it libben, omdat se fêst kamen te sitten yn de silo. It gie om twa meiwurkers fan it bedriuw en de soan fan de boer. It Iepenbier Ministearje wol net sizze wat de oanlieding is om mei it ûndersyk te begjinnen. Earder wie it Iepenbier Ministearje ek al belutsen by it ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)