Ljouwert wol iisbaan fan 400m

17 jan 2012 - 14:45

De direksje fan de Ljouwerter iishal jout de foarkar oan in 400 meter baan, as it om it jild kin. Earder wie der in plan foar in baan fan 330 meter. Mar neffens nije berekkeningen is in selde baan as op It Hearrenfean finansjeel rendabel.

Foar de realisaasje fan in 400 meter baan yn Ljouwert mei in kosteplaatsje fan 18 miljoen euro, moat wol 5 miljoen ekstra op tafel komme. It bestjoer fan 'e iishal sil hjiroer prate mei gemeente en provinsje.

De direksje fan de Ljouwerter iishal krijt mei dit inisjatyf stipe fan it gewest Fryslân fan de KNSB. Ljouwert wol gjin konkurrint wêze fan It Hearrenfean, mar krekt in oanfoljend alternatyf. De Ljouwerter iishal sil meikoarten ek om 'e tafel mei Thialf Hearrenfean oer in mooglik gearwurking yn de takomst.

Trefwurden: 
iisbaan iishal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)