CDJA: 'omtinken wurkleazens'

02 jul 2013 - 14:24

It CDJA Fryslân hat in brânbrief stjoerd oan Provinsjale Steaten oer de noch hieltyd oprinnende jeugdwurkleazens. Neffens de jongere-ôfdieling fan it CDA is dit skealik foar de Fryske ekonomy en foaral ek foar it takomstperspektyf fan in soad jongeren. Trochdat se thús sitte, giet harren talint ferlern, stelt it CDJA Fryslân. It ropt Provinsjale Steaten op om serieus omtinken te jaan oan de jeugdwurkleazens.

De provinsje kin yn gearwurking mei gemeenten en maatskiplike partners maatregels nimme om jongeren mear kâns te jaan op in baan, seit it CDJA.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)