Ein oan kursus NL2 by ROC

02 jul 2013 - 14:13
  • De Friese Poort oan de Anne Wadmanwei yn Ljouwert
  • Diana Stoeva slagge foar it steatseksamen Nederlânsk

ROC Friese Poort hâldt woansdei op mei de yntinsive kursus Nederlânsk foar bûtenlanners, wêrby't bûtenlânske kursisten taret wurde op it steatseksamen Nederlânsk 1 of 2. In grut part fan de kursisten komt út Ljouwert en mei yngong fan it kommende stúdzjejier hâldt de Fryske haadstêd op mei it subsidiearjen fan de kursus.

No't de kursisten de kursus sels betelje moatte rint de belangstelling fan de bûtenlânske kursisten hurd werom, seit wurdfierder Hans Huiskes fan Friese Poort Bedrijfsopliedingen. De kursus kostet sa'n 3000 euro it jier.

De Friese Poort sil wol besykje om de kursus ek it kommende stúdzjejier oan te bieden, as der foldwaande belangstelling foar is. Yn Dokkum gean de kursussen wol troch, ek al omdat guon gemeenten yn Noardeast-Fryslân noch wol subsydzje jouwe. De kursisten sels fine it hiel spitich dat de kursus ophâldt. Sy tinke dat de kosten foar in soad bûtenlanners te heech wêze sille om de kursus folslein foar eigen rekken te folgjen. De kursisten kinne yn prinsipe wol in liening foar de kursus oanfreegje by DUO, mar in soad fan harren fine dat gjin oantreklike opsje.

De yntinsive kursus NL2 jildt wol as ridlik súksesfol. Der binne frijwat foarbylden fan kursisten dy't binnen in jier tiid hielendal of yn alle gefallen foar in part slagje foar it steatseksamen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)