'Tiidstip oername ûngelokkich'

It tiidstip fan oername fan it Frysk Deiblêd troch de Noordelijke Dagblad Combinatie is net gelokkich. Dat seit algemien-direkteur Geert-Jan van der Snoek fan de NDC Mediagroep. De NDC hat it tige dreech en moat hûnderten minsken dien jaan. Omdat it Frysk Deiblêd neffens Van der Snoek gjin dei mear te gean hie, wie dit lykwols wol ít momint foar de oername. Moandeitemiddei is dêrta besletten. De selsstannichheid fan it FD bliuwt neffens Van der Snoek garandearre.
Tagelyk ûntkomt ek it deiblêd net oan in substansjele reorganisaasje, seit er. Hoe't dy der krekt útsjocht, is noch ûndúdlik.