Undersyk duorsume enerzjy

02 jul 2013 - 12:13
  • Gemeente It Hearrenfean

Der moat in grut en breed ûndersyk komme nei duorsume enerzjy yn de gemeente Hearrenfean. It Duurzaamheids Platform Heerenveen hat dêr op oantrune by de gemeenteried. Doel is út te finen hoe't de gemeente bydrage kin oan it realisearjen fan de doelstelling fan 16 persint duorsume enerzjy yn 2020. It duorsumheidsplatfoarm wol dat alle relevante partijen fan it begjin ôf belutsen wurde by it enerzjy-ûndersyk. It giet dan ûnder oare om wykkomitees, natuer- en miljeu-organisaasjes en pleatslik belangen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)