Poalske xtc-dealers oppakt

Xtc © gezondheidsnet.nl
De plysje hat moandeitenacht op 'e Jouwer trije Poalske drugsdealers oanhâlden. Plysjes seagen de trije manlju fan 19, 27 en 40 jier, op de Dimpte Molewyk op It Hearrenfean en fûnen dat se harren fertocht gedroegen. De plysje ried achter de auto fan de manlju oan en setten har op de Geert Knolwei oan de kant.
Yn 'e auto fûn de plysje 72 xtc-tabletten en in soad nije klean. De plysje tinkt dat de klean stellen is. Alle guod en de auto binne yn beslach naam.