Drege tiden foar Avanti

17 jan 2012 - 11:55

It binne drege tiden foar sealfuotbalferiening Avanti. It flaggeskip fan de Stienzers spilet yn de topdivyzje, it heechste nivo yn ús lân. De ploech stiet foarlêste. Mar njonken de sportive malêze hat de stifting topsealfuotbal Avanti ek jildpine, omdat sponsors har taseine ferplichting op dit stuit net neikomme kinne.

Dat betsjut dat seleksje en technyske stêf foarearst gjin ûnkostefergoeding krije. De ploech bliuwt wol yn kompetysje. Freedtejûn spilet Avanti yn Heerhugowaard tsjin FC Marlène.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)