Groei foar De Friesland

17 jan 2012 - 11:05
  • Gebou fan De Friesland yn Ljouwert

Soarchfersekerder De Friesland is yn 2011 flink groeid. Mear as 25.000 minsken hawwe ferline jier in fersekering ôfsletten by De Friesland. In part dêrfan keas foar Kiemer, in nije fersekering fan De Friesland foar húshâldings mei bern. Mei-inoar binne no 535.000 minsken by De Friesland fersekere.

Foarsitter Diana Monissen fan De Friesland makke de sifers tiisdei bekend by it nijjiersbrochje fan it bedriuw.

Sûnt ferline jier sit ek de soarchfersekering fan FBTO by De Friesland. Dy groeide mei 65.000 fersekeringen. De groei komt neffens de fersekerder trochdat de poalissen goedkeaper binne as by in soad oare oanbieders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)