Eksploazje op boat yn De Pein
Op in boat yn it Peinderkanaal by De Pein hat moandeitemiddei in eksploazje west. De eigener (74) wie oan it klussen doe't it misgei, nei alle gedachten troch in lekkende gaslieding.
Troch de klap fleagen alle ruten út de boat. De man kaam mei de skrik frij.