Saak Oldenbroek: gjin misdriuw

17 jan 2012 - 10:09
  • Justysje

De twa minsken dy't der fan fertocht wurde ferantwurdlik te wêzen foar de dea fan Tom Oldenbroek wurde net ferfolge. Dat hat it Iepenbier Ministearje bekend makke. De doe 17-jierrige Tom Oldenbroek út Parregea waard tolve jier lyn dea fûn yn in sleat by Skraard. Ut it ûndersyk kamen doe gjin oanwizings nei foaren dat der sprake wie fan in misdriuw.

Nei nije ynformaasje hat it Iepenbier Ministearje de saak nochris besjoen, mar dat hat gjin oanwizings opsmiten dat der sprake wêze soe fan in misdriuw. Ek Opsporing Verzocht waard ynskeakele.

Yn 2009 krige Meld Misdaad Anoniem berjochten dat it wol om in misdriuw gean soe. Ek kaam fan in advokaat de melding dat twa persoanen der ferantwurdlik foar wêze soene.

Justysje hat nei oanlieding fan dizze ynformaasje wiidweidich ûndersyk dien. Der is buertûndersyk dien yn Skraard, ferskate tsjûgen binne heard en ek is der oanfollend forensysk ûndersyk dien. Ut it ûndersyk is lykwols net dúdlik wurden hoe't Tom krekt te wetter rekke is. Omdat der gjin oanwizings fûn binne dat it om in misdriuw giet wurdt it dossier no sletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)