Man oanhâlden foar deaslach

17 jan 2012 - 09:45

In Drachtster (25) is moandeitenacht oanhâlden foar in poging ta deaslach. De man krige yn in hûs oan it Noarderein spul mei in oare Drachtster (25). Hy luts dêrby in mes en stuts it slachtoffer yn de hals.

Plysjes hâlden de man yn de wenning oan en namen it mes yn beslach. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht. Hy koe nei behanneling wer nei hûs.

Trefwurden: 
mes deaslach Noarderein stutsen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)