Lemsterlân romtlik op oarder

16 jan 2012 - 21:55

De gemeente Lemsterlân hat fan de ynspeksje foar romtlike oardering in foldwaande op it rapport krigen. Lemsterlân docht it benammen goed op de tema's bestimmingsplannen en boaiem. As it om asbest giet, hat de gemeente de saken ek goed op oarder.

In ferbetterpunt is de toetsing fan de bouplannen, mar dat hat te krijen mei in te min oan minsken. Lemsterlân is no dwaande om mei fúzjepartners Skarsterlân en Gaasterlân-Sleat in romtlike fisy op te stellen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)