Jeugd bedrige mei luchtbuks

© Omrop Fryslân
Op de skoalle Ynsicht fan Piter Jelles yn de wyk Nijlân yn Ljouwert binne learlingen moandeitemiddei bedrige troch in man mei in luchtbuks. De konsjerzje hat de plysje belle. Neffens de plysje is der net sketten. Der is ien oanjefte dien en dêrop hat de plysje de man oanhâlden.
Hy is fêstsetten foar ferhoar. Wat de reden fan de bedriging wie en hoe't der op skoalle reagearre is, koe de plysje moandeitejûn noch net sizze. De skoalle wie ek net berikber foar in reaksje.