Elske sjongt 'Moordvrouw'

16 jan 2012 - 16:31

De titelsong fan de nije misdiedsearje Moordvrouw fan RTL4 wurdt songen troch sjongeres Elske DeWall út Ljouwert. De searje mei Thijs Römer en Wendy van Dijk yn de haadrol spilet him ôf yn Fryslân. De regisseur woe dêrom perfoarst in Fryske artyst hawwe foar de titelsong. It nûmer hjit This Game en is twa jier lyn al skreaun troch DeWall.

Earder song DeWall ek al de titelsong foar de film Alle Tijd. Freed is Moordvrouw foar it earst te sjen op televyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)