Auto yn beslach nommen

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneintemiddei op It Hearrenfean de auto fan in 40-jierrige Jouster yn beslach nommen. De plysjes wisten dat de man gjin rydbewiis hat.
Se folgen de Jouster en joegen him in stopteken, mar dat negearde er. Op de Nieuwstraat twong úteinlik in motoragint de man ta stopjen. Syn auto moast er ynleverje, en hy krige in proses-ferbaal foar it riden sûnder riidbewiis en it negearjen fan in stopteken.