Frysk damjen: Hartwert wint

15 jan 2012 - 16:30

Hartwert waard sneon yn Easterein klupkampioen Frysk damjen. Hartwert wûn oertsjoegjend mei 6,5 tsjin 1,5 fan Aldegea SWF. Dêrfoar hiene de Hartwerters ek al fan Skearnegoutum en Lollum wûn.

Der koe net in winner fan it twadde plak oanwiisd wurde, omdat Aldegea, Skearnegoutum en Lollum op 'e kop ôf likefolle wedstriidpunten en boerdpunten hiene. De trije ploegen sille letter yn it seizoen nochris tsjininoar spylje om dat út te fjochtsjen.

Utslaggen klupkampioenskippen damjen Frysk spul 2012:
Kampioensklasse: Aldegea SWF - Lollum 5,5-2,5, Hartwert - Skearnegoutum 5-3; Skearnegoutum - Aldegea 5-3, Lollum - Hartwert 1,5-6,5; Hartwert - Aldegea 6,5-1,5, Lollum - Skearnegoutum 6-2.
Einstân: Hartwert 3 (18 boerdpunten); Aldegea 1 (10); Lollum 1 (10); Skearnegoutum 1(10).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)