Man driget mei fjoerwapen

15 jan 2012 - 15:31

De plysje hat sneontenacht in man (28) út Middenmeer oanhâlden fanwege it driigjen mei in fjoerwapen. De man hie yn in hoarekasaak oan de Séwei in Jouster (17) en in Rottumer (18) mei in fjoerwapen bedrige. De jonges bellen de plysje fia 112 en joegen ek it kenteken fan de auto fan de man troch.

De plysje koe de man even letter steande hâlde op A7 by de De Gordyk. De man wegere lykwols om nei de plysje te harkjen. De plysje moast in hûn ynsette en in tsjinstwapen lûke om de man ek oanhâlde te kinnen. Auto en fjoerwapen waarden yn beslach nommen, de man sit fêst.

Trefwurden: 
De Jouwer fjoerwapen driigje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)