Sionsberg: 21.000 hantekens

De Sionsberg © Omrop Fryslân
In delegaasje fan aksjegroep Red de Sionsberg sil tiisdei 21.000 hantekens foar behâld fan it sikehûs oanbiede oan de Twadde Keamer yn Den Haach. Teake Visser sil út namme fan 'e aksjegroep yn de Twadde Keamer útlizze wêrom't behâld fan 'e spoedeaskjende help sa wichtich is foar noardeast Fryslân.
As de spoedeaskjende help ticht giet sil de ambulânse yn noardeast Fryslân faak langer ûnderweis wêze as de wetlik maksimale oanrydtiid fan 45 minuten, sa lit de aksjegroep witte.
It aksjekomitee hat ek in filmke op YouTube set oer 'Rekreëarje, wenje en wurkje op eigen risiko'.