Snitser slacht jonge út Rys

15 jan 2012 - 14:49

De plysje hat sneon in Snitser (18) oanhâlden, nei it slaan en skoppen fan in jonge (17) út Riis. It slachtoffer rekke hjirby ferwûne oan de holle en moast foar behanneling nei it sikehûs.

Op oanwizing fan it slachtoffer koe de plysje de Snitser oanhâlde op de Kruzebroederstrjitte. Hy waard oerbrocht nei it plysjeburo. Tsjin him waard proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)